Kofjedrinkerij op Weakens 3
bij Fam. Knilles en Jeltsje Visser
Wij wolle de âlderein fan Winsum útnoegje foar in kofjemoarn bij ús op de pleats.
It idee is ûntstien nei oanlieding fan it ferhaal oer ‘Baeie-muoi’
yn it boek ‘Winsum 1900-2000’.
Rûn 1850 wenne Baukje Paulus’ Bijlsma op ‘Great Hokwert’ op Weakens,
it plak wer wij no wenje.
Sy wie in allinnich steande frou mei in grut hert.
Sa noege se û.o. ien kear yn’t jier alle widdo frouen fan Winsum út foar teedrinkerij.
It ferfier nei Weakens gie per pream, yn de folksmûle waard it de ‘widdo’s pream’ neamt. In pream ha we net, mar ferfier kin regele wurde.
Wolkom! Woansdei 24 septimber 10.00-12.00 Oanmelde kin fia 0517-341426 of 06-38115967

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.